De Groep fan Auwerk is op dit stuit dwaande mei in nije webside.
The Groep fan Auwerk is currently working on a new website.
Der Groep fan Auwerk ist im Moment beschäftigt mit eine neue Website.
Monday, February 09, 2009
Sunday, October 26, 2008
Lis .frl fêst
Provinsjale steaten moatte der om tinke dat de ynternetdomyn-ekstinsje .frl feilichsteld wurdt. Dat wol it CDA-steatelid Rendert Algra. Mei sa'n ekstinsje kinne ynternetadressen einigje op .frl, ynstee fan bygelyks .nl. Yn Vlaanderen binne de tariedings foar de ekstinsje .vla al klear. De provinsje moat der ek mei dwaande, fynt Algra. Oars kin in kommersjeel bedriuw wolris oan de haal gean mei .frl.
Boarne: Omrop Fryslân 23 okt 08
Boarne: Omrop Fryslân 23 okt 08
Wednesday, October 01, 2008
Lobby Frysk docht fertuten
De lobby foar it opnimmen fan it Frysk yn de grûnwet liket fertuten te dwaan. Fryske Steateleden ha der woansdei by Keamerleden foar pleite. It CDA hat sein dat de minister nochris nei de kwestje sjen moat. Ek de PvdA stiet der posityf foar oer. De partijen PVV, GroenLinks, D66 en SP sizze dúdlik dat as it Nederlânsk yn de grûnwet komt, dat dan ek it Frysk as twadde rykstaal derby moat. Der liket dus in iepening te wêzen. It wurd is no oan de minister.
Boarne: Omrop Fryslân 1 okt 08
Boarne: Omrop Fryslân 1 okt 08
Nog nooit zoveel Friese bedrijven
LEEUWARDEN -
Het aantal bedrijven in Friesland is in 2007 met 1000 gestegen naar een recordaantal van 36.000. Landelijk steeg het aantal bedrijven met 40.000 naar bijna 800.000, zo meldt het Centraal Bureau voor de Statistiek (CBS). De gemiddelde groei van 3,2 procent in Friesland loopt achter bij het landelijk gemiddelde van 4,4 procent. In Flevoland steeg het aantal bedrijven met 8 procent. Uit de cijfers van het CBS blijkt dat 2007 een goed jaar was voor kleine ondernemers.
De groei in Friesland is het grootst in de bouw, waar het aantal bedrijven steeg van 4000 naar 4500. In de zakelijke dienstverlening steeg het aantal van 5200 naar 5600. Het gaat daarbij voornamelijk om organisatieadviseurs en ict-bedrijven. In de transportsector bleef de groei licht achter. Dat aantal steeg van 1470 naar 1505 (2,3 procent). De groei is het grootst in Zuidoost-Friesland (3,8 procent), gevolgd door Noord-Friesland (3 procent) en Zuidwest-Friesland (2,5).
Boarne: Ljouwerter Krante 1 okt 08

Aksje foar Frysk yn de grûnwet

Twa bussen mei 90 Friezen binne woansdei op wei nei Den Haach om aksje te fieren foar it Frysk yn de grûnwet. Yn in kommisjegearkomste wurdt praat oer de oanpassing fan de grûnwet. De minister hat ferline wike sein dat inkeld it Nederlânsk de offisjele taal fan Nederlân is, mar de Fryske Steaten ha in foarstel makke. Dêryn stiet dat yn Fryslân ek it Frysk in offisjele rykstaal is. Fryske Steateleden hoopje dat de minister de grûnwet oanpasse wol.
By de aksjefierders binne fertsjintwurdigers fan Fryske organisaasjes, leden fan studinteferiening Bernlef, gemeenteriedsleden en gewoane boargers. Yn duo's sille de Fryske Steateleden by de fertsjintwurdigers fan de politike partijen by del om oer de aksje te praten. Mei alle partijen binne ôfspraken makke, útsein de Partij voor de Dieren.

Yn it ramt fan it wetlik fêstlizzen fan ús taal hat de Ried fan de Fryske Beweging de neikommende ferklearring skreaun. De Groep fan Auwerk stipet it statement fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Dan mar los fan Nederlân
Hjoed (22 september) stie der in ferslach yn de Fryske kranten oer in petear dat it Konsultatyf Orgaan (it advysorgaan fan it Ryk oer it Frysk) yn Den Haach hân hat mei minister Terhorst. Der waard ek praat oer de fraach of it Frysk njonken it Hollânsk yn de grûnwet opnommen wurde moat. Takom wike stiet dit ûnderwerp op de wurklist fan de Twadde Keamer (sjoch ek it berjocht: Allegearre nei Den Haach). Yn it petear mei it Konsultatyf Orgaan skynt de minister sein te hawwen dat hja der op tsjin is dat it Frysk yn de grûnwet opnommen wurdt. Har argumintaasje is net botte sterk: de grûnwet soe foar it hiele lân gelyk wêze moatte en it Frysk hat neffens har net deselde rjochten as it Hollânsk bûten Fryslân. Dêr sit no krekt de oest: salang Nederlân in gehiel is sil dat lân twatalich wêze. It Nederlânske regear hat ommers fêstlein dat it Frysk de twadde Rykstaal is. As jo dat beheine ta de provinsje dan jouwe jo ymplisyt oan dat Fyslân eins los fan de rest fan Nederlân stiet.
As de minister en de Keamer folhâlde dat it Frysk dêrom net yn de grûnwet kin is dat in oantrún oan de Friezen om har dan ek mar formeel los te meitsjen fan Nederlân. Dat is net sa'n frjemde gedacht. It soe wolris wêze kinne dat Fryslân yn Europa mear te sykjen hat as yn Den Haach dêr't ûnferskilligens foar de Fryske taal en kultuer noch altyd foar master opslacht. Sjoch mar nei it lêste ferslach fan de Kommisje fan Ekspers oer de posysje fan it Frysk). Der binne mear lytse lannen yn Europa dy't har as selsstannige ienheid har bêst rêde. Luxemburg hat noch net in heal miljoen ynwenners, Malta hast 400.000 en Cypres trijekwart miljoen. Dat hoecht dus gjin behindering te wêzen. De ierdgasopbringsten kinne hjir dan hâlden wurde.
By de foarming fan it hjoeddeiske kabinet (febrewaris 2007) hat de Ried de formateurs der al opwiisd dat har formulearring yn it regearakkoard oer it opnimmen fan it Hollânsk yn de grûnwet en it Frysk net, foar de Ried net-akseptabel is. De Ried hat doe skreaun:
"De Ried stelt fêst dat op dit stuit sawol it Nederlânsk as it Frysk ferankere binne yn de Nederlânske wetjouwing. Beide talen fungearje as bestjoers- en rjochtstaal. Der is alles foar te sizzen om dy ferankering ek in formele basis te jaan yn ús grunwet. Yn it ljocht fan de ferplichting ûnder it Europeesk Hânfest is it lykwols frjemd dat it regear útstelt om allinne it Nederlânsk yn de grûnwet op te nimmen. De Ried rekkent der op dat yn it kommende wetjouwingstrajekt dizze omisje goed makke wurde sil".
Wat de Ried doe skreaun hat jildt noch krekt sa. De Fryske Steaten binne itiens mei it stânpunt fan de Ried. Hja sile besykje op1 oktober de Twadde Keamer te oertsjûgjen fan har opfetting.

Boarne: fryskebeweging.nl 24 septimber 2008
Mear studinten Frysk oan RUG
It tal studinten Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins nimt ta. Yn de ôfrûne tsien jier is it persintaazje haadfakstudinten mei mear as 300 prosint omheech gien. Yn it stúdzjejier 1998/1999 wienen der noch sân haadfakstudinten, no tsien jier letter binne dat der trijentweintich. Dêrneist binne der in protte studinten dy't ien of twa Fryske kolleezjes as byfak folgje. Dat lêste is troch de opset fan de fleksibele bachelor makliker wurden.
Boarne: Omrop Fryslân 1 okt 08
Auwerk: Fryske ferkearsbuorden
Boarne: Omrop Fryslân 27 sep 08
Slach by Warns: Frysk brûke!
As Friezen wolle dat de Fryske taal en kultuer yn de takomst bestean bliuwt, moatte se dêr sels ek in bydrage oan leverje. Dy oprop die Alex Riemersma fan it meartalichheidssintrum Mercator sneon by de 63ste betinking fan de Slach by Warns. Neffens Riemersma moatte de Friezen har taal rêde troch dy aktyf te brûken. Dat jildt foar "gewoane" Friezen, mar ek foar pommeranten lykas de kommissaris en boargemasters. Dy soene it goeie foarbyld jaan moatte.
Boarne: Omrop Fryslân 27 sep 08
Boarne: Omrop Fryslân 27 sep 08
Wednesday, August 27, 2008
Afûk teloarsteld yn taalbelied
De gemeente Ljouwert moat meiwurkje oan de bou fan in taaleksposintrum foar it Fryske taal. Dat wol de Afûk. De provinsje Fryslân wol yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde. Ljouwert ûnderskriuwt dy ambysje as haadstêd fan in twatalige provinsje. De nijste kultuernota is posityf oer de kursusynstelling, mar der stiet ek yn dat it Frysk gjin grutte rol spilet yn ´e haadstêd. Neffens de Afûk is dat net wier. Ljouwert moat mear dwaan om it Frysk in promininter plak te jaan.
As foarbyld fan it taaleksposintrum sjocht Afûkdirekteur it sintrum Beeld en Geluid yn Hilversum. Dat is in kleurryk en tagonklik gebou. Yn Ljouwert soe sa'n sintrum de ynformaasje oer it Frysk en de sichtberens fan'e taal tige ferbetterje. De plannen foar it taaleksposintrum wurde op dit stuit ûntwikkele troch ûnder oare de Afûk en Tresoar. Wethâlder Bleize fynt dat Ljouwert wol genôch docht oan it Frysk. Ynwenners fan de gemeente Ljouwert kinne jwoansdei yn de kommisjefergadering fan 'e ried har renmiening jaan oer de kultuernota. Takom wike wurdt er yn 'e gemeenteried sels besprutsen.
Boarne: Omrop Fryslân 27 aug 08

Wednesday, June 04, 2008
Unentschieden in Wolfsburg: Deichkicker aus Emden bereichern die neue 3. Liga
Ostfriesenblog.de gratuliert: Der BSV Kickers Emden hat es geschafft und spielt in der nächsten Saison in der neuen 3. Liga. Durch ein torloses Unentschieden bei der Zweitvertretung vom VFL Wolfsburg sicherten sich die Blau-Weißen mit 54 Punkten den neunten Tabellenplatz der Fußball-Regionalliga Nord. Vor knapp 1000 Zuschauern, darunter 900 mitgereisten Ostfriesen, gingen die Emder Fußballer äußerst konzentriert zur Sache und erspielten sich in der ersten Halbzeit zahlreiche Torchancen. Allein der unpräzise Abschluss von Celikovic, Neitzel und Vujanovic verhinderte die Führung. In der zweiten Halbzeit passierte nicht mehr viel gegen die harmlosen Wölfe, am Ende blieb es beim gerechten Unentschieden. Für die Emder gleichbedeutend mit der Qualifikation zur 3. Liga. Dahin begleiten wird den BSV die Mannschaft von Eintracht Braunschweig, das Nachsehen haben Rot Weiß Essen und der 1. FC Magdeburg.
Der BSV wird heute Abend in Emden beim Matjes-Fest auf dem Rathausbalkon von Emdens Oberbürgermeister Alwin Brinkmann zum Feiern empfangen. Danach fährt die Mannschaft für ein paar Tage in den wohlverdienten Urlaub nach Mallorca. Viel zu tun gibt es jedoch jetzt für die BSV-Verantwortlichen. Zunächst gilt es, eine schlagkräftige Mannschaft für die nächste Saison zusammenzustellen, und auch die geplante Stadionmodernisierung muss angegangen werden. Denn noch fehlt die endgültige Lizenz für die neue 3. Liga - hierfür sind Auflagen zu erfüllen.
Boarne/Quelle: ostfriesenblog.de - 31. Mai 2008
Groep fan Auwerk: Tige lokwinske! Wa wit komme der klups út Grinslân, West- en Noard-Fryslân nei it nije stadion fan Emden foar in Ynterfrysk fuotbaltoernoai.

Subscribe to:
Posts (Atom)