De provinsje Fryslân sil tenei in tal taken fan it ryk útfiere, dat is fêstlein yn in bestjoersakkoart. De provinsje Fryslân kin him dêrtroch better profilearje. Se krijt mear sizzenskip oer romtlik-ekonomysk terrein en op it mêd fan kultuer. It Fryske taalbelied sil tenei ynfold wurde troch de provinsje. Deputearre Galema fynt dat in erkenning fan it Frysk as twadde rykstaal. De provinsje kin har no better ynspanne om it Frysk te hoedzjen en te noedzjen.
Oant no ta wiene ryk en provinsje mienskiplik ferantwurdlik foar it Fryske taalbelied, mar dy konstruksje wurke net goed. Politisy en amtners yn Den Haach hiene yn 'e praktyk faak mar in bytsje - of sels gjin - begryp foar en affiniteit mei it Frysk en twataligens. In kommisje ûnder foarsitterskip fan CDA-koryfee Tineke Lodders advisearre earder al om it taalbelied Frysk oer te dragen oan de provinsje. Dat advys is no opfolge. De provinsje kin it ekonomyske belied fan it ryk ek op eigen wize ynpasse yn Fryslân, mar nei ôfrin moat wol ferantwurding ôflein wurde oan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Dit betsjut ek mear sizzenskip krije oer de besteging fan ekonomyske fûnsen.
Boarne: Omrop Fryslân 4 simmermoanne 2008
Wednesday, June 04, 2008
Subscribe to:
Post Comments (Atom)
0 comments:
Post a Comment