Friday, April 04, 2008

Plan foar trijetalich VMBO

Der komt ûndersyk nei trijetalich ûnderwiis op VMBO-skoallen yn Burgum, Ferwert en Snits. Oant no ta is it jaan fan lessen yn it Nederlânsk, Frysk en Ingelsk noch beheind oant 15 basisskoallen. No komt it fuortset ûnderwiis ek yn beweging, lykas it Dockinga College yn Ferwert. Leararen dêr like it wol wat ek omdat it goed oanslút by trijetalige basisskoallen yn de omjouwing. Nije wike sille de belutsen skoallen prate oer it plan.
De oare belutsen skoallen binne it Bogerman College yn Snits en it Liudger yn Burgum. Kommende woansdei prate de skoallen oer de mooglikheden mei ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin. Ek kennissintrum Mercator is belutsen by it ûntwikkeljen fan trijetalich VMBO-ûnderwiis.

Boarne: Omrop Fryslân 04 gersmoanne 2008

2 comments:

Anonymous said...

now in my rss reader))) financial help
You nicely summed up the issue. I would add that this doesn’t exactly concenplate often. xD Anyway, good post…

Anonymous said...

Hi there

Looking forward to your next post