It Hânfêst foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa hat it Frysk oant no ta te min oplevere. Dat seit Gerrit Ybema. Hy 'bewaakt' de tapassing fan it ynternasjonale ferdrach troch Nederlân as foarsitter fan it Konsultatyf Orgaan. Tefolle troch Nederlân ûndertekene ôfspraken wurde yn de praktyk net neikommen, sa fynt Ybema. Benammen de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis moat neffens Ybema folle better.
Neffens it Hânfêst soe it basisûnderwiis yn Fryslân 'foar in oanmerklik part' yn it Frysk wêze moatte. It ryk ynterpretearret dizze tekst lykwols hiel oars as de provinsje. Ek rinne de finansjele ynspannings fan provinsje en ryk foar it Frysk net lyk op. De provinsje jout dúdlik mear út oan it Frysk as tsien jier lyn, mar it ryk is amper mei ekstra jild kommen. Neffens Ybema liket it der sterk op dat de ryksoerheid de ferantwurdlikheid dy't út it Hânfêst fuortkomt net erkent. Nederlân wie tsien jier lyn ien fan de earste steaten dy't it Hânfêst foar minderheidstalen ûndertekene. De Ried fan Europa is lykwols teloarsteld oer de Nederlânske opstelling fan de lêste tiid. Nederlân soe 'te stadich' wêze mei it oanleverjen fan ynformaasje oan de Ried fan Europa. Der is tiisdei yn Straatsburch in konferinsje oer it 10-jierrich bestean fan it Hânfêst. Foar Fryslân sil deputearre Jannewietske de Vries sprekke oer de Fryske ûnderfinings mei 10 jier Hânfêst.
Boarne: Omrop Fryslân - 10 foarjiersmoanne 2008
Webside fan it hânfêst: http://www.coe.int/t/dg4/education/minlang/
Monday, March 10, 2008
Subscribe to:
Post Comments (Atom)
0 comments:
Post a Comment