Friday, February 29, 2008

Renovaasje Friezetsjerke

Kommissaris fan de Keninginne yn Fryslân Ed Nijpels sil snein it startskot jaan foar in grutte renovaasje fan de Friezetsjerke yn Rome. De tsjerke fan achthûndert jier âld wurdt de kommende jierren foar miljoenen euro's opknapt. Nijpels sil mei in skroevedraaier de earste oanset jaan. De tsjerke yn Rome hat foaral problemen mei de temperatuer. In nije klimaatsysteem moat de oplossing biede.
De Friezetsjerke is tsjintwurdich de Nederlânske tsjerke yn Rome. It kolleezje fan deputearre steaten fan Fryslân sil snein de eucharistyfiering fan paus Benedictus bywenje yn de Friezetsjerke.
Boarne: Omrop Fryslân 29 sellemoanne 08

Reaksje GfA:
As de Friezen betelje moatte foar HARREN tsjerke yn Rome, dan sil it wer in Fryske tsjerke wurde moatte. De Nederlânske koloniale tiid hat west.

0 comments: